![]() |
||||||
![]() |
NijsJannewaris 2015 Gjin better nijs as gjin nijs! Dat betsjut dat de ROELS mantsjes gewoan eltse wike oefenje en dat de earste optredens alwer boekt binne en sa kabbelt it lekker troch! Kom no mar gewoan by de optredens del, en surf ris lekker op de dEROELSgesichtenpagina, net stinne! Begjin Maaitiid 2014 De simmer komt der wer oan en dEROELS binne der klear foar. It earste optreden is fansels alwer west. Fuort mar yn Ljouwert by Poppodium Romein oan e slach tegearre mei De Amsterdam Klezmer Band. En lit ien fan dy leden no meidwaan yn de nijste hit fan dEROELSmannen. DEALE is de namme en berne yn e studio Noorderzon te Reduzum. Joop van der Linden toetert mei en docht dat hiel goed. Lústerje gau en kom fansels del by in optreden. ![]() Ein Oktober 2013 De tiid komt der oan, tiid foar Serious Request en fansels sille dEROELS meidwaan! Se sille op 18 desimber in oantal skoalbêrn wekker hâlde yn Reduzum troch in oantal ferskes foar harren te spyljen. En de opbringst giet fansels nei Serious Request, dat dit jier yn ús Fryslân barren sil, yn Ljouwert. Stipje kin fansels, nim mar kontakt op mei de mannen troch facebook, email of tillefoan! Oktober 2013 It nije spilersjier is wer oanbrútsen en dEROELS binne der klear foar! It bier hat de kiel smart en de dopkes binne opromme, it drumstel fan ROEL Roffel hat in poetsbeurt krigen en de snaren binne fernijd... SjOCH MAR HOE KREAS ![]() Tiid om wer oan de slach te gean en oefenjen bliksem! HELLrock stiet op it program foar 9 novimber en dêr moatst by wêze minsken!! Fjoer, fûgels en in spesjiale ferassingsakt...ferjit it net en set it fuort yn e aginda..of meld dy oan by it GesichtenROELboek, dan hâld Jah ROEL dy op e hichte fan wat der spilet, set de mûs hjir mar en dan sjogge we jim allegear sneons 9 novimber yn Winsum. dEROELS oefenje noch efkes hjer!! Simmertiid 2013 ja minsken, ek dEROELS nimme skoft en hawwe de bierkes dopt en de ynstrumenten yn 't fet setten Se sizze Tsjoch foar alle ROELettes en ROELSmannen en oant gau, noflike fâkansje en wês foarsichtich! 1 maaie 2013 de dei is foarby, ús Keniginne is no in Kening, en ús ROEL Old Skool mocht speechen foar him! de ROELmannen wieden yn Tsjom om jild op te heljen foar de World Servants en harren projekt, mar ROEL hat fansels tiid makke om de bêste winsken troch te jaan fan Herte Lokwinske mei dyn nije baan Willem Alexander! groetnis fan dEROELS! 9 maart 2013 de mannen binnen noch mar krekt bykommen fan it tripke nei Amsterdam en juster net te ferjitten Ynternasjonale Frouendei , dus alle ROELSfrouwen moasten ekstra ferwend wurden! Mar dan stiet it nije optreden alwer foar de doar, wer nei Amsterdam!! Se hawwe der wis in goed byld êfterlitten....?! ![]() 29 jannewaris 2013 In nij jier, nije kânsen foar ús Willem no at Bea de brui der oan jout en foar dEROELS om oer de grinzen fan Fryslân te sjen! De paspoarten binne regele en 15 febrewaris sille dEROELSmannen harren leafde útwreidzje! Nei Amsterdam sil de reis gean nei de 'Buurtboerderij Ons Genoegen' Spaardammerdijk 319 1014 AA Amsterdam dus set it yn jim aginda en yn e Tom en gean mei! de mannen fan Xigatze sille ek harren keunsten fertoane dus it sil in geselliche boel wurde! 10 desimber 2012 De Sint is alwer it lân út, de gluhwein wurdt alwer waarm makke en dEROELS sille de lêtste net wêze om jimme ROELSPakes & Beppes, ROELSâlden en ROELSbêrn in hearlike ROELSKryst te winsken en dat yn it nije ROELSjier al jimme ROELSwinsken út komme meie! 15 novimber 2012 ![]() SkaROEL is de titel fan it nije liet en fertelt fan leafde, oerhoer dwaan en Harrie. SkaROEL
is opnaam en mikst troch Sytse Broersma (dE KAST en Noorderzon Studio)
De Mastering is dien troch Nico Outhuijse (dE KAST). NET STINNE MAR STIMME! It ein fan 2012 is yn sicht, tiid om te stimmen! Gean gau nei de Fryske Top 100 en bring dyn stim út foar dEROELS mei Net Mear Sa As Ik Tocht en ast dan dochs dwaande bist..ús Freonen kinne ek noch stimmen brûke! Tink oan Ljoubjr, Xigatze, Voskovs Grodzemods, Tsjettel en Cormick. 12 Novimber 2012 De dagen wurde koarter, mar de ynspiraasje fan dEROELS wurd allinich mar grutter. Daverjende optredens rûnom yn e provinsje en einlings de ferwachte SkaROEL op it grutte web. Echte ROELlettes hawwe it nûmer al heard, mar no foar it grutte publyk te downloaden of te belústerjen ...dizze wike noch, dus hâld it yn 'e gaten en komris del op us Facebook! 26 Septimber 2012 It is in hiele bysûndere dei foar ús Roel Old Skool want sa'n 50 jier lieden is hy bêrne! Hjoed mei hy sich dan foar ien dei Abraham nimme en dêrom sizze we Hoera Hoera Hoera en lit foaral in berichtje êfter op ús Facebookpagina! Nei dEROELS fakansje 2012 want der is gjin better nijs as âld nijs wat doe GRUT NIJS wie, want eltsenien wit it fansels wol...de fideoklip is útbrocht fan dEROELS en no kin eltsenien meidwaan mei dEROELS, sjoch mar gau fideoklip dEROELS / Net Mear SaAas Ik Tocht 24 juni 2012 it nije nûmer Net Mear sa as Ik Tocht is in grút sukses en al mear as 200 kear belústere en draait op ferskate radiostations. Kommende sneon 30 juni sille dEROELS ek noch in gastrol spylje yn e film fan Bob Ross, machtich moai! Fierders noch in pear nachtjes sliepe en dan komt der alwer in nij nûmer út fan dEROELS mei de wurktitel SkaROEL..spannend!! 3 juni 2012 En sa ynienen krigen dEROELS de wurden yn it ear flústere en wieden alle mannen segene mei de juste rideltsjes om in nij ferske de wrâld yn te stjoeren. Plannen foar in fideoklip moasten oan 'e kant, want ynspiraasje wie GRUT! Binnen in moanne stieden se yn 'e Noorderzonstudio fan Sytse Broersma en wie it opnommen en mastere foar it grutte publyk: Jimme dus! Allegear lústerje en ferspried it wurd fan dEROELS oer de ierde. Soundcloud: Net Mear sa as it Tocht Wurd fuort freon fan dEROELS op facebook en diel it ferske 'Net Mear sa as Ik Tocht' mei oare ROELmantsjes en ROELfamkes. LET LOVE ROEL! www.facebook.com/dEROELS 19 april 2012 dEROELS binne noch immen eat wurch fan it optreden op Aaipop mei in fantastyk dûnsjen fan MoenaROEL. De ROELSmannen wisten net wêr at se moasten sjen doe harren MoenaROEL acte-de-prèsence joech. Dit mei wol faker barren! Snein 25 maart 2012 Stadich oan komt it Aaipop festival (9 april) tichterby en dEROELS binne der klear foar. dEROELS komme mei wat nijs. Tegearre mei búkdûnserres MounaRoel sille sy harren optreden dwaan en dat mei in hiele hurde set. En yn in nije outfit en dat is net mis. Net ferjitte om dus op tiid te wêzen! Nei aaipop binne der plannen om in klip op te nimmen, wa wit! Ek komme dEROELS op 15 septimber nei Wommels om te spiljen op it Greidhoek festival. www.greidhoekfestival.nl 22 jannewaris 2012: Grút Nijs! De earste druk fan de dEROELS CD is alwer útferkocht! Op 9 april 2012 sil it Aaipop festival wer plak fine yn en rûnom de Mande yn Nylân. En fansels sille dEROELS ek oanwêzich wêze om der in machtich ROELSfeest fan te meitsjen. Soargje derfoar datsto op tiid bist in dyn moaiste ROELSoutfit! De Kryst foarby mar dEROELS hawwe noch tiid makke om eltsenien in Roelend Nijjier te winskjen. Sjoch mar ! http://sendables.jibjab.com/view/pva4axUIlzu1wNhf De CD presintaasje is foarby en wie in grut sukses. Foar de minsken dy't der net by koeden wêze...der binne noch wat eksemplaren beskikber. In goed idee as nijjierskado! 29 Oktober 2011 29 Septimber 2011 De earste optredens foar 2012 stean yn de aginda. 21 Septimber 2011 Hjoed hat Gurbe Douwstra it nûmer Fleankleed, fan ús demo cd, yn Radio Froskepôle draait. 11 Septimber 2011 Ein septimber is de Demo CD fan dEROELS klear. 11 Augustus 2011 De
nije webside fan dEROELS is online. |
![]() |
||||
![]() |
![]() |
|||||
Ynfo en boekingen:
06-24278278 (Hedser) of 0566-600102 (Leo)
p/a Oan it Swin 2 9008RE Reduzum |
![]() |